FIDEO: Menno Onnes makket de Ofslútdyk in bytsje skjinner

Menno Onnes striidt al jierren tsjin ôffal op de Ofslútdyk. Eltse wike geane hy en syn frou nei de Ofslútdyk om safolle mooglik guod dat oanspielt op te romjen. It gekste guod dat oanspielt wurdt troch it pear bewarre. Thús yn Harns hat Menno der in minymuseumke fan makke. Ek hat hy in idee om it probleem op te lossen mei in spesjale stoarmfêste fangbak.
FIDEO: Menno Onnes makket de Ofslútdyk in bytsje skjinner
De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.