Gemeenten liede wer needklok: 600 miljoen nedich tsjin tekoarten

De Feriening fan Fryske Gemeenten hat in brânbrief nei Den Haag stjoerd. Dat meldt de Ljouwerter Krante. De gemeenten liede wer de needklok oer de tekoarten dy't ûntstien binne troch de oerheveling fan in soad taken yn it sosjaal domein nei de gemeenten. Neffens de gemeenten moat it regear mei 600 miljoen oer de brêge komme om it probleem op te lossen.
Fred Veenstra © De Fryske Marren
De brief is rjochte oan ûnder oare de Twadde Keamer en de ministearjes fan finânsjes en ynlânske saken. Fred Veenstra, boargemaster fan De Fryske Marren, is foarsitter fan de feriening. Hy seit dat Fryslân net allinnich is. "Grinslân, Oerisel en Drinte stjoere ek sa'n brief. Dy 600 miljoen is it begjin om it probleem op te lossen."
As der net mear jild komt, moatte we miskien ús meiwurking oan dit soart saken út it Ryk opsizze.
Fred Veenstra
As it Ryk net mei jild oer de brêge komt, dan moatte de gemeenten sjen nei oare maatregels, seit Veenstra. "Yn de maitiid ha we mei alle gemeenten ek in berop op it Ryk dien, oer jild foar benammen de jeugdsoarch. As Fryslân ha we ús dêr ek hiel aktyf foar ynset. We ha sein: as der net mear jild komt, moatte we miskien ús meiwurking oan dit soart saken út it Ryk opsizze. Gelokkich is der doe in bedrach kaam tsjin de ellinde. Mar no sitte we mei itselde: net allinnich it sosjaal domein en de jeugdsoarch, mar de begrutting yn syn algemienheid."

Allinnich op Waadeilannen gjin tekoart

It is hurd gong mei de problemen, konstatearret Veenstra. "Yn 2016 hie noch gjin inkelde Fryske gemeente in negatyf saldo op de jierrekken. Yn 2017 wiene dat der al fjouwer, en ferline jier al acht. Ast allinnich nei sosjaal domein sjochst, wie allinnich op trije Waadeilannen gjin tekoart. Yn alle oare gemeenten wol."
Veenstra fynt it gjin goed idee om de soarchtaken dy't no by de gemeente lizze werom te bringen nei it Ryk. "Dat docht ôfbraak oan it prinsipe 'de gemeente is de earste oerheid'. Gemeenten witte it bêste hoe't de boargers derfoar steane. Dat prinsipe is goed, mar dat kinne we allinnich útfiere as der genôch jild is."
Fred Veenstra