Nij reedrydseizoen begjint freed yn Thialf mei striid om wrâldbekertickets

De bêste Nederlânske reedriders steane dit wykein oan de start by it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai yn Thialf op It Hearrenfean. Dêr stride de reedriders fan freed oant en mei snein om de startbewizen foar de earste fjouwer wrâldbekers fan it seizoen. Yn prinsipe is in plakje yn de top-fiif genôch foar in ticket.
Sven Kramer © www.orange-pictures.nl
Ien fan de grutte fragen is: hoe fit is Sven Kramer? Op trainingskamp yn Dútslân rekke er ferwûne, doe't er oan it fytsen wie en yn oanriding kaam mei in auto.
Ek de Fryske talinten Femke Kok en Michelle de Jong litte har dit wykein sjen op it grutte toaniel. Ferline jier stutsen se mei kop en skouders boppe de oare junioaren út. Wat kinne se by de senioaren? Kok hat har trouwens ôfmeld foar de 1.500 meter, omdat se net fit is. Se is wol fan doel om te starten op de 500 en 1.000 meter.

Earste fjouwer wrâldbekers

It giet dit wykein dus om pleatsing foar de earste fjouwer wrâldbekers. Dy binne yn Wyt-Ruslân (15-17 novimber), Poalen (22-24 novimber), Kazachstan (6-8 desimber) en Japan (13-15 desimber).
Freed steane de 500 en 5.000 meter foar manlju en de 1.500 meter foar froulju op it programma. De earste race begjint om 18.00 oere.

Omrop Fryslân is derby

Ferslachjouwer Andor Faber docht it hiele wykein radioferslach út Thialf wei. Freed is dat fan 18.00 oere ôf. Roelof de Vries en Lars de Leeuw dogge de ynterviews.
Omrop Fryslân makket de hiele wike reportaazjes oer Fryske reedriders, yn de oanrin nei de start fan it seizoen oankommende freed. Hjirûnder de eardere reportaazjes:
Diel 1: Reina Anema
Diel 2: Femke Kok
Freed yn diel 5 de suskes Antoinette en Michelle de Jong.