Iuwenâld Jouster kuierpaad Omkromte bliuwt iepenbier

01 nov 2019 - 06:11

It iuwenâlde kuierpaad De Omkromte tusken De Jouwer en Langwar bliuwt iepenbier. Boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren wolle it fersyk om it partikulier terrein te meitsjen ôfwize.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It paad giet foar in part oer grûn fan partikulieren en dy wolle net dat elk dêr samar del rint. Mar de Raad van State hat ferline jier bepaald dat it in iepenbier kuierpaad is. De gemeente moast dêrom optrede tsjin minsken dy't stekken of peallen op it paad set hiene. Yn 'e rin fan de jierren pleatsten ferskate oanwenners dy stekken en buordsjes mei 'Verboden toegang'. Troch de blokkaden wie it net mear tagonklik.

Histoaryske wearde

Foarstanners, ûnder wa de feriening Moai Skarsterlân, wolle al jierren it iepenbiere karakter fan de singel werombringe. It paad bestiet al iuwen en ferbûn De Jouwer fia De Wâldfinnen mei Langwar. It is neffens de feriening fan histoaryske en ekologyske wearde en it soe wer in moai kuierpaad wurde kinne.

De Omkromte op in kaart út 1918 - Foto: Delpher

Boargemaster en wethâlders stelle de gemeenteried foar om it fersyk ôf te wizen om De Omkromte oan de iepenbierheid te ûntlûken.

(advertinsje)
(advertinsje)