Opposysje Tytsjerksteradiel ferlit gearkomste oer begrutting: "Het is een doolhof"

01 nov 2019 - 07:58

De hiele opposysje fan de gemeente Tytsjerksteradiel is tongersdeitejûn út de riedsgearkomste stapt. Tsien fan de 23 riedsleden kinne har net fine yn de begrutting dy't opsteld is troch it kolleezje. "De begroting is een doolhof", seit Brigitta Scheepsma fan GrienLinks. "Het is onmogelijk om hiermee de controlerende taak uit te voeren."

Brigitta Scheepsma kundiget oan dat de opposysjepartijen de riedseal ferlitte:

De opposysjepartijen (D66, Grienlinks, VVD, PvdA en Partij voor de Boeren) fertelden yn de begruttingsried dat sy harren net fine kinne yn it belied dat it kolleezje yn de begrutting foarstelt. Boppedat fine se de begrutting net ynsichtlik genôch.

It kin sa net langer, seit Scheepsma: "De boel moet op orde. Er moet een ton worden bezuinigd op de bibliotheken in onze gemeente, maar er kan wel vier tot zes ton beschikbaar gesteld worden voor nieuw meubilair."

Kolleezje net 'in control'

Nei't se harren punt makke hiene yn de ried, binne de opposysjeleden dus fuortgien. Se witte ek net wat de reaksje fan de koälysje is. "Ik moet de rest van de vergadering nog terugkijken", seit Scheepsma. "Maar we wilden nu echt een stevig signaal afgeven. Dit doen we niet zomaar. In de inleiding zegt het college 'It kredo is: de basis op oarder bringe, we wolle mear 'in control' komme, mar we binne der noch net'. Dat horen we de hele tijd, dat het college geen controle heeft. Dat baart ons heel veel zorgen."

Scheepsma is ek net te sprekken oer de algemiene reserve: "In 2005 hadden wij in onze gemeente nog 30,5 miljoen euro als algemene reserve. Zoals het nu lijkt is dat in 2023 met geluk nog maar 4 miljoen euro. Wij sturen aan op een raadsonderzoek, volgende week willen we met alle raadsleden bij elkaar komen om te kijken naar de mogelijkheden tot dat onderzoek."

Het gaat om onze inwoners. Die verdienen een beter verhaal.

Brigitta Scheepsma fan GrienLinks

Foar sa'n riedsûndersyk ha se wol in mearderheid nedich, dus der binne leden fan de koälysjepartijen nedich om dat trochgean te litten. "We gaan de andere raadsleden daarbij betrekken. Daarbij komen we met een goed voorstel. We willen weten wat ertoe geleid heeft dat we hier beland zijn. Het gaat om onze inwoners. Die verdienen een beter verhaal."

Boargemaster Jeroen Gebben skorste de fergadering en rôp de fraksjefoarsitters by him. Dêrnei gie riedsgearkomste wol fierder, mar dus sûnder de opposysjepartijen.

Brigitta Scheepsma fan GrienLinks - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)