Piloat earste 'Ljouwerter' F-35: "Schitterend, al die historie bij elkaar"

31 okt 2019 - 22:06

Ian Knight is de piloat dy't tongersdei de earste F-35 feilich oan de grûn brocht op de Ljouwerter fleanbasis. Hy wie earder op de dei út Italië wei flein. "Het vliegtuig vloog als een scheermes", sei er nei de lâning.

Piloat Ian Knight en Gerard Veldman fan doarpsbelang Jelsum/Koarnjum:

It die wol wat mei Knight, doe't er oankaam yn Ljouwert. "Dat was een beetje een kippenvelmoment, als je hier op de grond komt, al het publiek ziet en het vliegtuig kunt afleveren." Hy fynt it in wichtich momint: "De afgelopen vijftien jaar hebben heel veel mensen binnen Defensie aan dit project meegewerkt. Uiteindelijk komt het vandaag allemaal bij elkaar."

Histoarje

De F-35 waard by oankomst flankearre troch âldere tastellen. Dêr geniete Knight fan: "Schitterend, al de historie bij elkaar. Van de Tweede Wereldoorlog tot en met nu. Het was ook voor mij de eerste keer dat ik met een Spitfire en een Hunter gevlogen heb. Een mooi moment."

Ynkoarten sil de F-35 faker de loft yn. "We gaan wat inspecties doen. En ik verwacht dat we over twee weken volop gaan vliegen met het toestel."

Soargen oer de takomst

Gerard Veldman fan doarpsbelang Jelsum/Koarnjum stie mei in dûbeld gefoel op de fleanbasis. "As earste in felisitaasje oan de Loftmacht, want it is in prachtich tastel dêr't se de kommende fjirtich jier mei fierder kinne. Mar foar ús bliuwt de eangst fan wat de takomst bringt. Hoe komt it mei it lûd? Mjittingen ha útwiisd dat der nei ferwachting dochs mear lûd komme sil. Dêr meitsje ús soargen oer."

Ian Knight begrypt de soargen. "We moeten hier natuurlijk samenwerken met de omgeving. We moeten laten zien wat we doen. Als er vragen of klachten zijn, moeten we er helder mee omgaan."

Heal novimber komt der wer in F-35 yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)