Fryske inisjatyf fan fossylfrije wiken takom jier ek yn Grinslân en Drinte

31 okt 2019 - 21:51

Grinslân en Drinte dogge takom jier ek mei oan it Fryske inisjatyf foar twa fossylfrije wiken. Yn 2018 wie de provinsje Fryslân twa wiken lang dwaande safolle mooglik fossylfrij te bewegen en te ferfieren. De twa oare noardlike provinsjes hawwe harren no oansletten by it evenemint.

Foto: Thomas Vaer

Takom jier sil fan 1 oant en mei 13 juny it ferfier yn de trije provinsjes safolle mooglik duorsum wêze. Op de klimaattop yn Grins wie tongersdei it offisjele startsein foar de fossylfrije wiken.

Neffens deputearre Sietske Poepjes is it moai dat de oare provinsjes har no ek oanslute. It sil mear ympakt hawwe en derfoar soargje dat mear minsken deroan meidogge. Benammen op sosjale media wolle inisjatyfnimmers der by minsken op oantrúnje om mei te dwaan oan it fossylfrije ferkear.

Sietske Poepjes

Sietske Poepjes - Foto: Gerrit de Boer

Bouwe de Boer fan Fossylfrij Fryslân sjocht út nei de gearwurking mei de oare provinsjes. Hy sil in stikje fan syn organisaasjes út hannen jaan, mar dat fynt er net slim.

De Boer wie de grutte inisjator fan de Elfwegentocht yn Fryslân. Neffens him wurket it echt om sokke wiken te organisearjen. Yn de twa wiken leare minsken dat ferfier ek op in oare wize kin. Der bliuwt ek altyd wat fan oer yn it gedrach, tinkt De Boer.

Bouwe de Boer

(advertinsje)
(advertinsje)