Campus Fryslân moat ûnderdiel wurde fan University of the North

31 okt 2019 - 21:33

Campus Fryslan moat ûnderdiel wurde fan in folle grutter netwurk oan ynnovative bedriuwen en ûnderwiisynstellings yn hiel Noard-Nederlân en it noardwesten fan Dútslân. Mei ûnder oare de rest fan de Ryksuniversiteit Grins (RUG) en de Ljouwerter hegeskoallen soe it dan in saneamde 'University of the North' foarmje moatte. Dat is de ambysje fan bestjoersfoarsitter Jouke de Vries fan de RUG.

Jaap de Hoop Scheffer wie ien fan de sprekkers:

De Vries spruts dy ambysje tongersdei út by de offisjele iepening fan Campus Fryslân yn De Beurs yn Ljouwert. De Beurs is yn de ôfrûne twa jier omboud fan biblioteek ta it nije haadgebou fan de Campus Fryslân, de Fryske fakulteit fan de RUG.

It gebou wurdt al skoftke brûkt troch de universiteit, mar hie noch gjin offisjele iepening hân. Op de iepening kamen promininte gasten ôf fan ferskate ynternasjonale universiteiten. Ien fan de sprekkers by de iepening wie de eardere sekretaris-generaal fan de NAVO Jaap de Hoop Scheffer. Hy sei tsjin de studinten dat se wrâldboargers binne, mar perfoarst ek net ferjitte moatte wêr't se wei komme. Neffens him is ek de regio tige wichtich yn ynnovaasje en wittenskip.

Fryslân neemt hiermee wraak op Napoleon, die ooit de Franeker universiteit sloot.

Jaap de Hoop Scheffer

De Hoop Scheffer hat persoanlike oantinkens oan it beursgebou. "Ik kwam hier als klein jongetje in de jaren vijftig aan de hand van mijn pake. Hij was veehandelaar en dan mocht ik wel eens mee."

Hy fynt it moai om te sjen dat it gebou no in bestimming fûn hat yn de akademyske wrâld. "Het is een geweldige ontwikkeling dat Fryslân weer een universiteit heeft. Daarmee is wat Napoleon de Friezen ooit heeft afgenomen weer terug. Fryslân neemt hiermee wraak op Napoleon, die ooit de Franeker universiteit sloot. Een geweldige opsteker voor de provincie en voor de stad."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De oare sprekkers by de iepening wiene ek bot te sprekken oer de komst fan de universiteit nei Ljouwert. Sa ferwachtet Bruno Haghebaert fan it ynternasjonale Reade Krús in soad fan de nije opliedingen op it mêd fan klimaatferoarings. "Er wordt hier gefocust op de gevolgen van de klimaatverandering en hoe we die kunnen aanpakken. Dat gebeurt eigenlijk nog nergens."

Takomstige lieders

Neffens Haghebaert smyt dat op it stuit grutte problemen op. "Er wordt niet voldoende geïnvesteerd in de aanpak van de problemen en de politieke aandacht gaat eigenlijk alleen naar hoe we klimaatverandering zouden moeten voorkomen. Maar de klimaatverandering en de gevolgen zijn er al en dat heeft consequenties. Daar is nu nog te weinig oog voor en wat er gebeurt is vaak te gefocust op heel specifieke onderdelen."

De Campus Fryslân soe der neffens him feroaring yn bringe kinne troch de studinten op te lieden om fierder te sjen. "Campus Fryslan kan de toekomstige leiders op dit gebied leveren."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It tal opliedings op de Campus Fryslân is op it stuit noch beheind, mar neffens bestjoersfoarsitter Jouke de Vries is it de bedoeling dat yn de takomt flink groeie te litten. Mar dêrfoar moat earst goed besjoen wurde wêr't ferlet fan is. Boppedat moatte de opliedings fernijend wêze en noch net ergens oars ek oanbean wurde. "Dat binne de easken fan it ministearje", seit De Vries.

De Campus Fryslân is neffens him in earste, mar hiel wichtige stap yn de ûntwikkeling fan hiel Noard-Nederlân. "We binne no op in hiel soad plakken al aktyf. Net allinnich hjir yn Ljouwert, mar bygelyks ek yn Drachten, it Eems-Dollard-gebiet en yn Drinte. Dat moatte we fierder útwreidzje om sa in sterke ynnovative sektor te krijen hjir."

Jouke De Vries oer de 'University of the North'

De universiteit wol dêryn gearwurkje mei de hegeskoallen yn Fryslân, Drinte en Grinslân. Mar ek mei it bedriuwslibben yn de noardlike provinsjes en sels oer de grins mei Dútslân. Sa soe der in 'kennisyndustry' groeie moatte, sa't dy ek bestiet by Eindhoven. Dat betsjut lykwols net dat der ek mear fakulteiten bykomme moatte sa as de Campus Fryslân. "It is net de bedoeling dat der ek bygelyks yn Drinte in fakulteit komt. We wolle it beheine en boppedat wol ek it ministearje dat net lije."

By de offisjele iepening troch boargemaster Buma fan Ljouwert krige de Campus Fryslân in bysûnder portret fan de oprjochter fan de Grinzer universiteit kado. It giet om in 18e-iuwsk portret dat earder yn it Grinzer universiteitsmuseum hong. It portret sil no in prominint plakje krije yn it beursgebou yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)