Nei walking fuotbal no ek walking hânbal foar âlderein

31 okt 2019 - 20:12

Hânbal wêrby't de spilers net hoege te draven of te springen, mei oare wurden: OldStars Walking Handball. Sport Fryslân, Handbalvereniging Jupiter '76 en it Nationaal Ouderenfonds organisearje op 31 oktober in training yn sporthal De Trije yn Frjentsjer om yn 'e kunde te kommen mei dizze manier fan hânbaljen.

Foto: ANP

Walking football is in kuierjende foarm fan fuotbal mei in lytser team. It is al jierren in grut sukses ûnder senioaren. No wol de organisaasje ek de hânbalfariant bekender meitsje.

Gjin blessueres

It 'walking' hânbaljen ferrint sûnder lichemskontakt. De spilers spylje mei in oanpaste hânbal op in oanpast fjild. Dêrom is it foaral geskikt foar âldere minsken dy't bewege wolle sûnder kâns op blessueres.

Neffens de organisaasje binne de sosjale kontakten dy't opdien wurde troch oan dizze sport mei te dwaan like wichtich as it bewegen sels. Elkenien kin meidwaan, mar de training rjochtet him foaral op de groep fan 55 jier en âlder.

(advertinsje)
(advertinsje)