Skoallenijbou Smellingerlân kostet njoggen miljoen mear

De nijbou fan in gearwurkingsferbân fan skoallen yn Smellingerlân liket folle djoerder út te fallen as earst tocht. It giet om it projekt Samen Kansrijk en De Skelp. Foar it projekt is 18,5 miljoen reservearre, mar der moat noch njoggen miljoen by.
Ien fan de skoallen dêr't it om giet, It Heechhôf yn Drachten © Google Street View
De wichtichste reden foar de hegere priis fan it nijbouprojekt is it hieltyd djoerder wurden fan de boukosten. Ek de easken foar duorsumheid út it nije boubeslút soargje foar in heger kosteplaatsje. It tekoart is op it stuit 9,3 miljoen euro.

Oplossingen

De inisjatyfnimmers wolle mei it projekt Samen Kansrijk meardere skoallen ûnder ien dak ûnderbringe. It giet dan om twa Drachtster skoallen foar spesjaal basisûnderwiis (It Heechhôf en Sjalom) en twa skoallen mei spesjaal ûnderwiis: Kleurryk foar bern mei in lichaamlike beheining en De Zwaai foar bern mei gedrachs- of psychyske problemen. Ek de skoalle De Skelp foar bern mei in taalefterstân en gehoarferlies falt ûnder it projekt.
Om it finansjele tekoart op te lossen kiest de gemeente derfoar om de nijbou fan De Zwaai (de skoalle foar bern mei gedrachsproblemen), nei 2027 te skowen, wêrtroch't der no 5,2 miljoen euro frijkomt. De oare fjouwer miljoen wurde meinaam yn it beliedsplan fan 2020-2023.