Goed hûndert kontrôles op aksjedei; meardere bekeurings

31 okt 2019 - 19:27

Sa'n 50 aginten en hanthaveners ha tongersdei sa'n 100 natoer- en miljeukontrôles útfierd. Se ha meardere bekeurings útdield, ûnder oare foar te hurd farren en meardere kearen foar it fiskjen mei libjend aas.

By de goed 100 kontrôles dy't útfierd binne, waard meardere kearen dumpt ôffal oantroffen. Op it wetter waarden ferskate fiskers kontrolearre, it grutste part fan harren hie alles goed op 'e oarder. Trije fiskers krigen in warskôging en tsjin seis fiskers waard in proses-ferbaal opmakke.

Ferskate soart oertrêdingen

Dêrneist kamen der noch in soad oare meldingen binnen, immen soe yllegaal ôffierd hawwe op it rioel. Dy kwestje wurdt fierder ûndersocht. In bestjoerder fan in boat krige in proses-ferbaal tsjin him opmakke, om't er te hurd fear yn de omjouwing fan Snits. In oantal oare oertrêdingen wiene yllegale beamkap, ôffal yn it opperflaktewetter, in net leechmakke oalje-ôfskieder en it ôfstekken fan yllegaal fjoerwurk. By lêstneamde oertrêding binne de fertochten heard.

Trettjin meldingen oer bisten

Oer de hiele dei binne der trettjin meldingen binnenkaam oer bisten, ûnder oare in skiep op 'e rêch en ferwaarleazge húsdieren. Yn guon gefallen sil de Landelijke Inspectiedienst Dierenwelzijn ynkoarten weromkomme foar in neikontrôle. By ien gefal hie in persoan in hiel soad piken en dowen. Dat soarge foar in soad oerlêst yn de omjouwing. Yn oerlis mei de eigener is dêrom besletten dat de Dierenbescherming foar in grut oantal fan de bisten in nij plakje siket.

Richard Bonthuis fan It Fryske Gea (rjochts) en Eddy Snoek fan de plysje op kontrôle. - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De FUMO, yn gearwurking mei de plysje, Landelijke Inspectiedienst Dierenwelzijn, It Fryske Gea en Wetterskip Fryslân, fine dat de dei goed ferrûn is. De dei gie net allinnich om it opspoaren fan oertrêdingen, mar is ek yn it libben roppen om de gearwurking tusken ferskate opspoaringsynstânsjes te ferbetterjen.

Tongersdeitemoarn setten de ynstânsjes útein yn Earnewâld. Der waard kontrolearre op it lân, mar ek op it wetter. Foar takom jier stiet der wer in aksjedei op it programma. De datum wurdt net fan te foaren bekend makke.

Trefwurden: 
plysje FUMO miljeukontrôle
(advertinsje)
(advertinsje)