The day after op De Harkema: fjoerwurkskea op fjild en sportpark

31 okt 2019 - 18:40

It is 'the day after' op De Harkema. Fuotbalklup Harkemase Boys spile foar de beker thús tsjin FC Groningen. It waard in lyts ferlies: 1-2. Nei ôfrin gong it ek in soad oer it fjoerwurk dat nei Harkemase Boys-keeper Erick Jansema smiten waard yn de begjinfaze fan de wedstriid.

Earst falt in griene fakkel yn it strafskopgebiet, letter folget in enoarme knal. Dêrop beslút de skiedsrjochter om de wedstriid in healoere stil te lizzen. "Het zijn allemaal gasten van Groningen die er stonden en de boel liepen te verzieken", seit Jansema. Hy baalt derfan. "Voor veel jongens uit onze groep is dit dé wedstrijd van hun voetbalcarrière. Ik kan hier met m'n hoofd niet bij."

Sfear net ferpeste litte

Foarsitter Albertus Boonstra wol foaral tinke oan it positive fan de jûn: "We ha wiken oan tarieding hân om hjir in moai feestje te organisearjen. Elkenien seit: dit healoerke kin ús sfear net ferpeste, we geane moai troch. We ha ôfsprutsen om der in feest fan te meitsjen en dat ha we dien."

Wat de finansjele skea is fan de ûngeregeldheden, wit Boonstra noch net. It fjoerwurk hat syn spoaren neilitten op it fjild, mar it is dus noch net dúdlik wat dat de klup kostet.

De lêste kear dat Harkemase Boys tsjin in profklup spile wie yn 2013. Mar foar de kommende kear moatte der miskien dochs saken oars, tinkt Boonstra. "We moatte hjir miskien wat in hurder belied yn fiere. Mar we dogge alles yn oerlis mei de feilichheidstsjinsten, stewards en de gemeente Achtkarspelen."

Gjin sinjalen

De boargemaster fan dy gemeente is Oebele Brouwer. Dy seit dat it oan de tarieding net lein hat: "Foar de wedstriid ha we besjoen wat we ferwachtsje koene. We ha ek hiel yntinsyf kontakt hân mei FC Groningen en de plysje fan Grins. Op sosjale media ha we alles folge. En alle sinjalen wiene dat it in moai fuotbalfeest wurde koe, dus we woene it net tichtbouwe mei allegear hekken."

Brouwer hat te dwaan mei Harkemase Boys. "Ik fyn it spitich foar se. As boargemaster bin ik der foar de minsken fan de klup en de minsken dy't op de tribune sieten."

(advertinsje)
(advertinsje)