Kustwacht nei warskôging: net mear oer súdlike farrûte by Waadeilannen

01 nov 2019 - 10:06

De súdlike farrûte by de Waadeilannen is gefaarlik foar hiel grutte skippen. Dêrfoar warskôget de Onderzoeksraad voor Veiligheid. De ried is dwaande mei in ûndersyk nei de oerboard sleine konteners fan de MSC Zoe begjin dit jier. De Kustwacht seit dat de skipfeart better net mear oer de súdlike farrûte kin.

De farrûten boppe de Waadeilannen - Foto: Zembla

Op basis fan de earste modelberekkeningen en basisproeven docht bliken dat de súdlike rûte - dy't de MSC Zoe ek fear - by bepaalde wyn- en golfkondysjes en tij liede kinne ta grutte kantel- en slingerbewegingen. Dêrtroch kin de feilige ôfstân tusken it skip en de seeboaiem yn gefaar komme. Grutte skippen lykas de MSC Zoe rinne it gefaar dat se de boaiem reitsje, seit de Onderzoeksraad.

MSC kiest al foar noardlike rûte

Reder MSC kiest sûnt it ûngelok mei de MSC Zoe ek foar in oare rûte nei Dútslân ta, die earder dizze moanne bliken. Se kieze foar de noardlike rûte, ek al tinke se sels dat de súdlike rûte noch wol feilich is.

De ried is noch dwaande mei it ûndersyk nei de ramp mei de MSC Zoe. Yn de maitiid wurdt it einrapport ferwachte.

Foto: Havariekommando

Nei oanlieding fan de warskôging stjoert de Nederlânske Kustwacht in berjocht nei de skipfeart. Se riede in alternative rûte oan, dus net mear oer de súdlike farrûte.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, ferlear yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al ús berjochten oer de kontenerramp binne te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)