Klimaattop: Wetterstof earst as duorsume enerzjyboarne yn yndustry

Hûnderten minsken kamen tongersdei yn it âlde sûkerfabryk yn Grins byelkoar foar de twadde noardlike klimaattop. Belangrykste ûnderwerp is de oergong fan fossile nei skjinne enerzjy.
Diederik Samsom oer de ûntwikkeling fan wetterstof as duorsume boarne fan enerzjy:
Diederik Samsom
Diederik Samsom iepene de dei. Dat docht er yn syn nije funksje as kabinetssjef fan Frans Timmermans yn Brussel. Dy is fan klimaat- en miljeubelied. Hy seit dat de ûntwikkeling fan wetterstof as duorsume boarne fan enerzjy earst rjochte wurde moat op de yndustry en letter miskien ek op partikulier gebrûk.
En foar't it safier is, moatte der noch wol wat fragen beäntwurde wurde, fynt Samsom. "Hoe goedkoop kun je het maken? Hoeveel duurzame energie heb je tot je beschikking om het te maken? Want waterstof zelf is niets, je moet het wel eerst maken. En als je het maakt met behulp van gas, dan ben je nog steeds niet duurzaam. We moeten het maken met duurzame elektriciteit. De investeringen hier die gedaan worden, zijn omvangrijk. Dus we zullen kijken hoe snel het gaat. Europa wil daarbij helpen, maar het noorden kan dat zelf ook heel goed."
© Thomas Vaer
Dat jildt op allegear terreinen: fan ferwaarming yn hûzen en skjinne yndustry oant skjin ferfier op 'e dyk, op de rails en yn 'e loft. Ferfiersbedriuw Arriva kundige oan dat se mei yngong fan 2022 alle jierren twa persint minder CO2 útstjitte wolle mei regionale treinen.
Arriva-direkteur Anne Hettinga:
Klimaattop yn Grins