Polityk wol rapper evaluaasje fan Waadfûns

31 okt 2019 - 17:00

It CDA, de PvdA, GrienLinks en Forum voor Democratie yn Fryslân wolle dat der flugger as pland in evaluaasje dien wurdt fan it Waadfûns. De partijen freegje fan deputearre Poepjes om net oant 2021 te wachtsjen, mar de evaluaasje al foar de simmer fan takom jier te dwaan.

Foto: Remco de Vries

De politisy reagearje hjirmei op sjoernalistyk ûndersyk fan ûnder oare EenVandaag en de Ljouwerter Krante. Hjirút die bliken dat der fanút it Waadfûns mear jild nei ekonomyske projekten giet as nei ekologyske. "Het wordt hoog tijd dat we de subsidies en de hoofddoelen van het fonds opnieuw onder de loep nemen", sa sizze de partijen.

Unôfhinklike kommisje?

De fraach oft der in ûnôfhinklike kommisje komme moat foar de beoardieling fan subsydzjes, litte de partijen yn it midden. Hjirfoar wolle se earst de evaluaasje ôfwachtsje.

"Gezien de harde kritiek op het volgen en evalueren van projecten is de roep om een onafhankelijke commissie een logische, maar we kunnen als Provinciale Staten pas conclusies trekken na de evaluatie."

PvdA, GrienLinks, FvD, en CDA wolle fierder fan Deputearre Steaten witte hoe't it mei de takomst fan it Waadfûns moat. Sa ferwize de Steateleden nei in noch iepensteande moasje út oktober 2016. It kolleezje krige doe de opdracht om foarút te tinken oer de takomst fan it Waadfûns.

(advertinsje)
(advertinsje)