A32 by De Blesse skoft ticht fanwegen brân yn frachtwein

31 okt 2019 - 16:32

Op de A32 by De Blesse hat tongersdeitemiddei in brantsje west yn in tankwein. Hoe't de brân ûntstean koe, is ûnbekend. De A32 yn de rjochting fan Stienwyk hat foar in part ôfsletten west. Ferkear yn dy rjochting moast omride fia De Jouwer en Emmeloord. Der stie in file fan 9 kilometer foar tusken It Hearrenfean en Wolvegea.

Foto: De Vries Media

De frachtwein koe neffens tsjûgen noch op 'e tiid loskeppele wurde fan in tankwein. Neffens de plysje siet der yn de tankauto dierlik fet. Troch de brân ûntstie der in grutte file op de provinsjegrins tusken Fryslân en Oerisel.

De brânwacht fan Wolvegea en Grou binne oproppen om de brân te bestriden.

Trefwurden: 
ûngelok A32 De Blesse
(advertinsje)
(advertinsje)