Arriva: alle jierren twa persint minder CO2-útstjit mei treinen

31 okt 2019 - 16:15

Ferfiersbedriuw Arriva wol mei yngong fan 2022 alle jierren twa persint minder CO2 útstjitte mei syn regionale treinen. It giet dan om de útstjit út de hiele keten.

De nije treinen fan Arriva - Foto: Arriva

Dy hiele keten is fan it momint ôf dat de trein makke wurdt oant en mei it út bedriuw nimmen fan in trein dy't ôfdien is en it recyclejen dêrfan.

Arriva bringt it ferminderjen fan de útstjit yn byld mei in CO2-barometer. Dy kin ek foarsizze wat it effekt is fan de maatregels dy't Arriva nimt om de útstjit fan CO2 te ferminderjen.

Trefwurden: 
Arriva duorsum treinen
(advertinsje)
(advertinsje)