Waadhoeke wol jild stekke yn bettere sportfoarsjennings Aldebiltsyl

31 okt 2019 - 16:03

De gemeente Waadhoeke wol 350.000 euro stekke yn in bettere bûtensportfoarsjenning yn Aldebiltsyl. It giet om it opknappen en útwreidzjen fan it besteande sportpark.

Gemeente Waadhoeke - Foto: Omrop Fryslân

Op it sportpark moat ûnder oare in nije kantine komme, bettere ferljochting by it wedstriidfjild en der wurde ferhurde kuier- en hurdrinpaden oanlein om it sportpark.

Ek eigen bydrage

De sportferieningen sels drage ek 350.000 euro by oan de opknapbeurt. Dy soe takom jier begjinne moatte.

De gemeenteried nimt healwei novimber in beslút oer de gemeentlike bydrage.

Trefwurden: 
sport Waadhoeke Aldebiltsyl
(advertinsje)
(advertinsje)