Hy is der: de earste F-35 is lâne op de Ljouwerter fleanbasis

31 okt 2019 - 15:26

De earste F-35 gefjochtsfleantúch is op Fryske boaiem. Om 15.25 oere lâne it earste tastel op de Ljouwerter fleanbasis. De F-35 is de opfolger fan de bekende F-16.

By guon fleantúchspotters wie teloarstelling oer de lâningsseremoanje. "It is in bytsje in desepsje. Se fleane fan de oare kant, se kamen hjir net by ús del. Der wie krekt in needlâning fan in F-16 fan Volkel, dat hat ús nekt tink ik", seit er. "Ik hie tocht dat de loftmacht krekt wat mear syn bêst dwaan soe. Hy fljocht wat kriskras oer it fjild hinne. Ik ha wol in foto makke, mar it falt my wat ôf. Ik hie wat moaiere foto's ferwachte."

In spotter út Dokkum hie itselde. "Ik heb 'm eigenlijk niet kunnen spotten, dat is best teleurstellend. Het stelt weinig tot niets voor, dat is doodzonde. Een gemiste kans. Er zijn mensen die van heel ver moeten komen, mensen die er een hotelovernachting aan vastknopen."

Fly-by

De F-35, ek wol bekend as de Joint Strike Fighter (JSF), hat tegearre mei syn foargongers in fly-by makke. It nije fleantúch hat ek noch in eigen fly-by makke.

De fleanbasis sprekt fan in histoarysk momint, om't it 70 jier lyn is dat it earste jachtfleantúch yn Ljouwert kaam. En 40 jier lyn kaam de earste F-16 oan.

Praatsjes fan steatssekretaris en boargemaster

Om de oankomst fan it gefjochtsfleantúch hinne wie in hiele seremoanje, wêrby't ûnder oare steatssekretaris Barbara Visser fan definsje en boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert sprutsen.

De lâning fan de earste F-35 yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Ljouwert fleanbasis F-35
(advertinsje)
(advertinsje)