Cambuur spilet sûnder Issa Kallon tsjin NEC

31 okt 2019 - 14:51

Cambuur spilet freed de thúswedstriid tsjin NEC sûnder Issa Kallon. De lytse man yn topfoarm ûnderfynt noch te folle hinder fan in blessuere oan de foet. Syn ferfanger is Jarchinho Antonia.

Jarchinio Antonia makket syn basisdebút:

Trainer Henk de Jong fan de Ljouwerter klup: "We wolle dochs snelheid hâlde op de sydkant. Antonia kin noch net in hiele wedstriid spylje, mar dan sette we der ûnder de wedstriid in oar del. Alex Bangura kin dêr ek spylje en sels David Sambissa. Dy hat eartiids by de jongereinseleksjes fan Frankryk linksbûten spile."

Foar Antonia giet it ynpassingsproses wat rapper as tocht wie. De oanfaller is noch net hielendal wedstriidfit, mar moat no wol oan de bak. Antonia: "Ik zou langzamer gebracht worden, dan nu het geval is. Steeds wat meer minuten. Maar nu er blessures zijn gaat het wat sneller. Tegen Goes een uur en nu starten in de basis."

Neffens Antonia kin hy frij spylje, mar is der sa no en dan noch wol wat hinder fan pine oan it ankel. "Ik ga daarvoor nog een keer naar het ziekenhuis, maar tijdens het spelen heb ik er geen last van."

Henk de Jong oer de wedstriid tsjin NEC:

By Cambuur binne, neist Kallon, Sven Nieuwpoort en Giovanni Korte noch blessearre. De rest is fit en dat betsjut dat Robert Mühren en Erik Schouten gewoan spylje kinne. Neffens trainer Henk de Jong komt de kompetysje no yn in nije faze. "Alle punten dy't je yn novimber en desimber pakke binne weardefol. Der komme oare tiden oan. It kin reine, der kin snie falle, it wurdt kâld. De fraach is: hoe gean wy dêr mei om? Dêr binne wy mei dwaande. We hawwe in plan, mar as dat plan net wurket, dan betinke we by need ûnder de wedstriid in oar plan."

Trije punten hâlde

NEC stiet op it sechde plak yn de kompetysje, sân punten achter koprinner Cambuur. Henk de Jong: "We moatte de trije punten hjir hâlde, dan slaan wy in moaie slach. Sjoch, wy hawwe it noait oer de stân en dat wy boppe-oan steane. We gean fan wedstriid nei wedstriid, mar ik wit it wol fansels. En as je sels je wedstriden winne, dan bliuwe je boppe oan stean. Mar NEC is in goeie ploech dy't meardere systemen spylje kin."

Trefwurden: 
Ljouwert SC Cambuur fuotbal NEC
(advertinsje)
(advertinsje)