Easterwâlde krijt pilot mei wetterstofproduksje út sinne-enerzjy

31 okt 2019 - 14:28

Easterwâlde krijt in pilot-ynstallaasje dy't elektrisiteit omsette kin nei griene wetterstof. Dit moat in alternatyf wêze foar gebieten dêr't de kapasiteit fan it elektrisiteitsnet net tarikkend is, om dêr dochs grutskalige sinne-enerzjy op te wekken.

Foto: Omrop Fryslân

Us lân sil de kommende jierren hieltyd mear oerskeakelje nei duorsume enerzjy. Sinne-enerzjy sil dêr in wichtige rol yn spylje, benammen yn gebieten dêr't in soad romte is foar sinnekollektoaren, lykas hjir yn Fryslân. Mar krekt yn de bûtengebieten is it elektrisiteitsnet net goed genôch foar sa'n heech oanbod.

Troch sinne-elektrisiteit om te setten nei griene wetterstof, kin der yn de takomst in oplossing fûn wurde foar it ûntsluten fan grutte sinneparken. De wetterstof kin lokaal opslein wurde en brûkt wurde foar bygelyks it ferduorsumjen fan mobiliteit.

Oerienkomst tekene

Op de Klimaattop Noord Nederland hawwe seis partijen in yntinsje-oerienkomst hjirfoar tekene. Alliander en GroenLeven sille ynkoarten úteinsette om de ynstallaasje tegearre te ûntwikkeljen. Ecommunitypark, de gemeente Eaststellingwerf en Holthausen Energy Points sille de romte en mooglikheden leverje foar it projekt.

De ferwachting is dat de ynstallaasje yn de earste helte fan 2021 yn gebrûk naam wurde kin.

Alliander makke der it folgjende filmke oer:

(advertinsje)
(advertinsje)