Schrier: "Hannelsferdrach EU en Kanada kin skealik wêze foar Fryslân"

It hannelsferdrach tusken de Europeeske Uny en Kanada kin mooglik skealike gefolgen ha foar Fryslân. Dat sei fraksjefoarsitter Michiel Schrier fan de SP woansdei yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân
De Twadde Keamer praat begjin desimber oer dit hannelsferdrach. Kanadeeske bedriuwen of ynternasjonale bedriuwen mei Kanadeeske dochterûndernimmingen kinne it nasjonale en Europeeske rjocht omsile fia dat nije ferdrach, as dat nedich is. Ek kinne de belangen fan omwenners, miljeu en klimaat beheind wurde troch it nije ferdrach. Schrier neamt it foarbyld fan it gaswinningsbedriuw Vermilion. Dat bedriuw út Kanada wint gas út ferskate lytse gasfjilden yn Fryslân.
Schrier ropt op de situaasje ûnder oandacht fan it Ryk te bringen. Twadde en Earste Keamer moatte tsjinstimme, sa seit er. As ien fan de EU-lidsteaten tsjin it hannelsferdrach yn dizze foarm tusken de Europeeske Uny en Kanada stimt, is it neffens Schrier fan de baan.
Fraksjefoarsitter Michiel Schrier fan de SP yn Provinsjale Steaten