Ljouwert útroppen ta UNESCO City of Literature

Ljouwert is beneamd ta UNESCO City of Literature, oars sein: Ljouwert stêd fan de literatuer. Dat is tongersdeitemoarn bekend makke. Ljouwert kriget de titel ûnder oare foar har twatalige literêre fjild.
© Omrop Fryslan
Neffens artistyk lieder fan de foardracht fan Ljouwert, Marleen Nagtegaal, is de noardlike kultuer in grinsleaze boarne fan ûndersyk en ynspiraasje foar skriuwers en publyk. "Dat UNESCO dit nu ook erkent, is een groot compliment. Voor iedereen die zich de afgelopen maanden hard heeft gemaakt voor deze nominatie."

Ek oare stêden

Njonken de Fryske haadstêd, is de titel ek jûn oan stêden lykas Edinburgh, Ljubljana en Melbourne. Mei in part fan dizze stêden binne al kontakten lein om it Fryske literêre netwurk fierder út te wreidzjen. Neffens Ljouwert is de nije titel in moaie tafoeging op LF2018, en kin it in oanset jaan om de kultuer yn de stêd op in heech ynternasjonaal nivo te hâlden. Nagtegaal: "Met City of Literature schrijven we een belangrijk hoofdstuk in het geschiedenisboek van de Friese literatuur."
Oant no ta hie yn Nederlân allinnich Utrecht de titel.