Bildtse-Kultuurpriis giet dit jier nei radioprogramma

31 okt 2019 - 12:17

'Even Bildts' wint dit jier de Bildtse-Kultuurpriis. It programma fan Radio Eenhoorn draacht neffens de organisaasje achter de priis by oan it yn stân hâlden fan it Biltsk eigene. "Alles wat Bildts en kultuur is, komt an 'e order."

Mikrofoan yn in radiostudio - Foto: Shutterstock.com

'Even Bildts' jout al hast tritich jier omtinken oan de taal en kultuer op It Bilt. "Deur Bilkerts, met Bilkerts en foor Bilkerts."

It programma is alle sneonen te hearren by Radio Eenhoorn, de lokale omrop fan de gemeente Waadhoeke.

(advertinsje)
(advertinsje)