Grutte natuer- en miljeukontrôle yn Fryslân

31 okt 2019 - 12:05

In ferskaat oan organisaasjes yn Fryslân hâldt tongersdei in grutte natuer- en miljeukontrôle. Dy is net allinne bedoeld om oertrêdingen op te speuren, mar benammen ek om as organisaasjes mei elkoar yn 'e kunde te kommen. Sadat tenei nóch mear oertrêdingen opspoard wurde kinne.

"Troch alle reorganisaasjes fan de ôfrûne jierren, binne we dochs wat fierder fan elkoar ôf komme te stean", seit projektlieder Harm Reitsma fan de FUMO, de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing. Dêrom wurde der tongersdei tritich duo's op 'en paad stjoerd, gearstald út de ferskate organisaasjes dy't oan de kontrôle meidogge. It giet dan neist de FUMO ûnder oare om de plysje, Dierenbescherming, It Fryske Gea en Wetterskip Fryslân.

Richard Bonthuis fan It Fryske Gea (rjochts) en Eddy Snoek fan de plysje op kontrôle. - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Troch mei-inoar op 'en paad te gean, moat der mear idee oer it wurk fan oare organisaasjes ûntstean. Sadat oertrêdingen dy't net mei de eigen organisaasjes te krijen hawwe, oerdroegen wurde oan oare. Dêrtroch moat de jildende wet- en regeljouwing noch better útfierd wurde kinne.

Start yn Earnewâld

De kontrôle begûn tongersdei mienskiplik yn Earnewâld en dêrnei binne de ferskate duo's de provinsje yn gien. Dêrby sjogge se neffens Reitsma nei in breed ferskaat oan oertrêdingen, lykas it dumpen fan asbest, de yllegale kap fan beammen, fersmoarging fan it oerflaktewetter en yllegale jacht en fiskerij.

Neist Oerisel is Fryslân de iennige provinsje dêr't in mienskiplike kontrôledei hâlden wurdt.

Projektlieder Harm Reitsma oer de spesjale aksjedei foar hanthaveners yn Fryslân

Trefwurden: 
wetter kontrôle FUMO
(advertinsje)
(advertinsje)