100 jier radio: Plano's en stereo

"Plano's, dêr ha we in soad fan ferkocht." Oan it wurd is Johan Beenen. Mei him geane we dizze wike troch 100 jier radioskiednis. Syn pake John boude yn de jierren 20 fan de foarige iuw sels radio's. It famyljebedriuw Beenen bestiet noch altyd en sit ek noch altyd yn de radio's. It rike argyf fan de famylje lit de skiednis sjen fan ûnder oare 100 jier radio.
© Omrop Fryslân
Plano stiet foar in leech radiotype wêrby't de foarkant sawat folslein ynnommen wurdt troch de ôfstimskaal. Se wienen der yn ferskillende formaten en priisklassen. "Ik ha hjir noch ien yn myn wurkpleats stean, in lúks model. Dy hat fan Pier Hoekstra west, dat wie hjir de direkteur fan de muzykskoalle. Hy moast kwaliteit ha, natuerlik. En dy spilet no noch altyd fantastysk."

Stereo

In grutte feroaring is dat radio's optúgd wurde mei stereo. It jout in oare belibbing. Meardere lûdsprekkers dy't op in stuit ek bûten de radiokast pleatst wurde. "Je krigen sels wol dat der fjouwer aparte fersterkers yn de radio kamen, de saneamde kwadrofony. Foar elke lûdsprekker in aparte fersterker, dat wie hiel 'ruimtelijk'", fertelt Johan Beenen. "Net dat dat in soad ferkocht waard, dat wienen enoarme lûdsprekkers."
© Omrop Fryslân
De Japanske yndustry komt dan op, wat it oanbod wer grutter makket. It uterlik fan de Japanske radio's is oars as wat wy oant dan wend binne: kealer, mar ek goedkeaper.
De diversiteit wurdt hieltyd grutter. De klokradio wurdt betocht, radio mei kassette, de ghettoblasters (grutte draachbere radio-kassetterecorders mei twa grutte lûdsprekkers) en de miny- en maksy-sets komme yn de húskeamers.
100 jier radio - diel 4
Woansdei 6 novimber is it 100 jier lyn dat Hanso Idzerda it alderearste radioprogram foar algemien publyk makke yn in studio yn Den Haag, in wrâldprimeur. Idzerda waard yn 1885 berne yn Weidum en stoar yn 1944 yn Den Haag. Omrop Fryslân hat dizze wike yn ferskate programma's omtinken foar 100 jier radio mei op snein 3 novimber in spesjale útstjoering fan Buro de Vries, streekrjocht út it doarpshûs fan Weidum wei.