In besite oan Ljouwert is de bêste 'citytrip' fan Nederlân

31 okt 2019 - 11:46

De stêd Ljouwert is neffens fakânsje-beoardielingssite Zoover de bêste stêd yn Nederlân foar in 'citytrip'. De Fryske haadstêd kriget fan de toeristen in 8,6. Dat is krekt heger as oare populêre plakken lykas Grins (8,5), Amsterdam (8,5) en Assen (8,5).

It Naauw yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ljouwert wurdt benammen wurdearre foar de gesellige sfear, it grutte oanbod fan hoareka en de moaie histoaryske binnenstêd. Ferline jier gie de titel fan bêste 'citytrip' nei Maastricht, dy stêd stiet no op plak tsien.

Trefwurden: 
Ljouwert Zoover citytrip
(advertinsje)
(advertinsje)