Plysje siket 12-jierrich famke út Koartehimmen

31 okt 2019 - 11:23

De plysje is op syk nei de 12-jierrige Narmin Mohamed. It famke is sneon foar it lêst sjoen. Se is fuortrûn út Koartehimmen, wêrhinne is net bekend.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Neffens de plysje woe it famke nei in merke gean, mar it is net dúdlik wêr.

Narmin hat in tinte hûdskleur, is sa'n 1 meter 60 grut en hat lang swart hier. Se hie sneon in swarte broek en in donkere jas oan.

(advertinsje)
(advertinsje)