Jenny Douwes: "Hoefolle oeren wy skoffelje moatte, is minder fan belang"

"De eask tsjin my wie in stik heger, dus wat dat oanbelanget bin ik bliid. Mar wy stean der noch hieltyd prinsipieel yn; hoefolle oeren wy dan skoffelje moatte, fyn ik fan minder belang." Dat sei Jenny Douwes tongersdeitemoarn nei de útspraak fan it gerjochtshôf oer de blokkade fan de A7, yn novimber 2017.
Repo A7-blokkearders
It hôf joech alle fyftjin A7-blokkearders deselde straf: taakstraffen fan 90 oeren. Neffens it hôf wie de blokkade fan de A7 yn novimber 2017 in kollektive aksje. Alle dielnimmers hawwe feitlik itselde oandiel hân en krije dêrom dus ek allegear deselde straf.

"Alles oer ien kaam skeard"

Dy útspraak fan it hôf hie Jenny Douwes net ferwachte. "Dat fyn ik wol ferrassend, dat it gerjochtshôf alles oer ien kaam skeard hat. Ik fyn it in prinsipeútspraak fan it hôf."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Earder easke justysje nei it heger berop noch 240 oeren wurkstaf tsjin Douwes, en ek noch in finzenisstraf ûnder betingst. Ek tsjin guon oare A7-blokkearders wie nei it heger berop in hegere straf easke.

Hoe fierder?

Oft Douwes en de oare A7-blokkearders noch trochgean en yn kassaasje gean, witte sy noch net. "Wy moatte no earst mei de advokaat oerlizze oer wat no it ferstannichst is. Der binne in hiel soad saken dy't no noch spylje en dêr't wy mei fierder moatte."
De reaksje fan Jenny Douwes nei de útspraak fan it hôf