Alle A7-blokkearders yn heger berop feroardiele ta 90 oeren taakstraf

31 okt 2019 - 10:29

Fyftjin saneamde A7-blokkearders hawwe tongersdei yn it Ljouwerter gerjochtshôf taakstraffen krigen fan 90 oeren. Dy straffen binne leger as de eask fan justysje, nei it heger berop ôfrûne moanne. Neffens it hôf wie de blokkade fan de A7 yn novimber 2017 in kollektive aksje. Alle dielnimmers hawwe feitlik itselde oandiel hân en krije dêrom ek allegear deselde straf, sa wie tongersdeitemoarn de konklúzje.

Besjoch hjirûnder hoe't it gerjochtshôf de straffen bekend makke:

Dat jildt neffens it hôf ek foar Jenny Douwes, dy't as foaroanfrou fan de blokkearders sjoen waard. Neffens justysje hat Jenny Douwes in sintrale rol spile; sy soe de boel opstookt hawwe. It gerjochtshôf gie dêr tongersdei foar in part yn mei, mar kaam net ta in hegere of aparte straf foar Douwes.

Besjoch hjir de earste reaksje fan Jenny Douwes nei de útspraak fan it gerjochtshôf.

Neffens it gerjochtshôf hawwe de fertochten mei harren aksje oaren ferhindere op te kommen foar harren grûnrjochten, yn dit gefal it rjocht op frije mieningsutering en it rjocht ta demonstraasje.

Hegere eask

Fiif wike lyn waarden nei it heger berop tsjin de fertochten noch wurkstraffen easke fan tusken de 120 en 240 oeren. Dy wiene flink heger as de straffen dy't it gerjochtshôf tongersdeitemoarn bekend makke.

Besjoch hjirûnder de taljochting fan it gerjochtshôf op de útspraak:

Yn novimber 2017 waarden demonstranten tsjin Swarte Pyt tsjinholden op de A7 by De Jouwer. Se woene nei de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum, mar mei auto's waarden harren bussen keard.

Wurkstraffen

Ferline jier moasten 34 blokkearders foarkomme. Sy krigen fan de rjochtbank wurkstraffen tusken de 80 en 240 oeren. Fyftijin blokkearders gongen tsjin it fonnis yn heger berop, de oaren hawwe yntusken harren taakstraf achter de rêch.

(advertinsje)
(advertinsje)