UPDATE: Treinen tusken Akkrum en Ljouwert ride wer

31 okt 2019 - 10:23

De NS hat it grutste diel fan de tongersdeitemoarn treinreizgers tusken Akkrum en Ljouwert ferfiere moatten mei bussen. Oarsaak wie in stikkene trein dy't it spoar blokkearre. Sûnt 10.45 oere ride de treinen wer.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Boer

Oarspronklik ferwachte de NS it probleem om 11.15 oere oplost te hawwen, mar dat waard in healoere earder.

Yn de trein sieten ek twa riedshearen, dy't ûnderweis wiene nei Ljouwert foar de útspraak fan it heger berop fan de A7-blokkearders.

(advertinsje)
(advertinsje)