Koerden freegje stipe fan Fryslân by beskerming tsjin Turkske oerhearsking

31 okt 2019 - 10:07

Ek Fryslân moat yn aksje komme om it Koerdyske folk te beskermjen tsjin de Turkske oerhearsking. It foar it grutste part Koerdyske publyk dat woansdeitejûn yn Ljouwert by IepenUP Live wie om oer de situaasje yn har lân te praten, liet oan dúdlikheid neat te winskjen oer. Neffens harren wurdt it hiele folk mei dea en útstjerren bedrige, as der neat bart.

It ha bygelyks de Koerdyske striders west dy't mei it Amerikaanske leger IS tsjinholden ha. It fielt foar de Koerden as ferried dat Amearika har no yn 'e steek lit, de VN en NAVO de eagen der foar slute en Europa de oare kant op sjocht.

Rashwan Sabraway, dy't in Koerdysk restaurant yn Ljouwert hat, rôp dêrom alle Fryske gemeenten op om mei-inoar mei petysjes druk op Den Haag út te oefenjen om protest oan te tekenjen by de ynternasjonale machten. Mei help fan de Koerden yn hiel Nederlân, allinnich al yn Ljouwert wenje 1.500 Koerden, moat dan neffens Sabraway wat út de wei set wurde kinne.

Foto: IepenUP

"De genocide begint niet met het doden van mensen, maar met het verbieden van de taal en het laten zwijgen van onze stemmen", sa hie programmamakker Sherin Seyda dêrfoar de oanwêzigen al dúdlik makke. De Nederlânske sjoernalist Frederike Geerdink, dy't sûnt 2011 yn Iraaksk-Koerdistan wennet, woe nettsjinsteande alle ellinde en striid de hoop net ferlieze. Net foar neat stiet de sinne, symboal foar hoop en lok, sintraal op de Koerdyske flagge.

Queer Cinema

Nije wike hat IepenUP Live alle oandacht foar Queer Cinema. As alternatyf foar it Noordelijk Filmfestival, dat dy wike yn De Harmonie yn Ljouwert holden wurdt, fertoant IepenUP yn gearwurking mei Queer Filmfestival Utrecht fan 6 oant 10 novimber saneamde queer-films yn kafee Backstage fan poppoadium Neushoorn.

Queer is in term dy't stiet foar de identiteit fan minsken dy't bûten de heteroseksuele noarm falle. Inkelde films dy't fertoand wurde, binne dan ek yn ferskate lannen ferbean. Foar woansdei 6 novimber hat IepenUP ferskate gasten útnûge om dit ûnderwerp ta te ljochtsjen. Sa lit de âld-Ljouwerter fotograaf en dokumintêremakker Hans van der Kamp ferskate foto's sjen dy't hy troch de jierren fan drag queens en queers makke hat.

Alle woansdeis

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn wei yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)