Kollum: "Pisje?!"

31 okt 2019 - 08:34

"Wy sitte yn Fryslân oanklaud mei gâns problemen: stikstofferjende boeren, ferdwinende greidefûgels, in sakjende feanboaiem, sangerjende landschapspijn, Fryske boeken dy't net mear ferkeapje ensfh, ensfh. Der is lykwols ien groanys probleem, mei in haadletter Pee, dat ik - as âldere praatsjemakker - ûnder jim oandacht bringe wol. Of, krekter sein, ûnder de oandacht fan de wethâlders en gemeenteriedsleden fan ús Fryske gemeenten.

Foto: Omrop Fryslân

Douwe Koostra fan Feanwâlden wurke yn it ûnderwiis en is skriuwer, ferteller en kollumnist. Ein jierren '90, begjin jierren 2000 wie hy kolumnist fan it radioprograma It wapen fan Fryslân.

De Toan fan Douwe Kootstra

No, sis it mar, Kootstra, it is oan Jo, de boarger, wat ha jo op 'e lever? Nee, it is net de lever, de kwestje sit justjes leger, it is de blaas. Elk mei graach ris fiskje, mar moat op 'e tiid ek wol ris fiks pisje. En dan, dan binne jo yn Fryslân yn doarp en stêd goed de pis-ang oftewol de pisang. Stel, ik kuierje troch Warkum, Dokkum, Feanwâlden, Drachten, De Lemmer, It Hearrenfean makket net út, jo kinne hjir de nammen fan al ús doarpen en stêden ynfulle.

Jo kuierje dus. Shoppe bygelyks, myn favorite bezichheid. En dan komt de dúdlikdringende oandrang, dy't der ek al even wie, want der is altyd sprake fan útstelbelied, krekt as yn ús provinsjale polityk fol slappe knibbels en ankels; oer yn 'e broek migen praat, mar dit sa sydlings. It wetter yn jo blaas komt heger en heger, dus gau, gau in húske, oftewol in 'openbare toiletgelegenheid'. Mar - oeps! - dy is nergens net te finen, dy is der gewoan net. En as dy der, by hege útsûndering, wol is, moatte jo meast einen rinne om de ferlossende doar te finen. No jou ik daliks ta dat wy, yn 'e wylde Fryske Wooden mei al dat beamke- en strewelleguod om ús hinne wol wat bedoarn binne. Underweis de Geet yn 't wyld ferstekke, dat kin al gau, ek al omdat jo ús sa optimaal funksjonearjende en royaal besette Nasjonale Polysje noait mear ergens sjogge.

Mar yn doarp of stêd pisje te moatten, om fan oare poepetoeren mar net te sprekken. No, dan mar gau nei in horekagelegenheid. Mei in suver skuldich-skeve blik rjochting man/frou achter de taap fan restaurant of kafee kom ik der yn en stuiterje as in dief nei achteren, rjochting 'toiletten'. Nee, ik bestel neat, ik moat gewoan nó pisje. Trouwens fjirtjin dagen lyn ha 'k hjir noch iten skeve streek dronken en doe ha 'k net nei 't húske west, dat doch ik no, moat kinne. En nee, ik betelje gjin 50 eurosinten; gastfrijens jildt foar boppe en ûnder de gordel.

It is der trouwens yn ús alve Fryske stêden ek net better op wurden foar de fergriizjende en dus hieltyd koartmiellerige besiker: al dy fonteinen te spetter-spiter-spatterjen sette mar oan ta pisjen. Dêr is noait goed oer neitocht. Dus dames en hearen wethâlders: yn 'e buert fan elke fontein as de bliksem in toiletunit pleatse. Der is grif wol in bûtenlânse artyst mei briljante ideeën en in oerflotte babbel dy't foar in bats jild bypassende sanitêre hoogstandjes ûntwerpe wol. En dan asjeblyft net sa'n foarsjenning dêr't om it hutsje en dagenlang DEFECT op stiet, krekt as op de WC's fan de Arriva-treinen. By Arriva is dúdlik sprake fan in ûntmoedigingsbelied, jo pisje mar op it begjin- of einstasjon. Oer gastfrijens praat.

As de ferneamde cabaretier Tetman de Vries noch ûnder ús wie, soe er yn ús fergriizjende mienskip grif in dikke hit score mei it ferske 'Elk moat wolris pisje'. Aldergeloks stiet der noch alle jierren in nûmer yn de Fryske Top 100 dat dizze hiele pisserige problematyk moai aktueel hâldt. Hjir binne se: it duo Ferbean, Anko Bouma en Bertus Klazenga mei 'Lik op stik'."

(advertinsje)
(advertinsje)