Kick Out Zwarte Piet wol demonstrearje by Sinteklaasyntocht yn Ljouwert

De aksjegroep Kick Out Zwarte Piet sil yn novimber op 'e nij demonstrearje by guon Sinteklaasyntochten, ûnder oare yn Ljouwert. Dat hat KOZP-foaroanman Jeffrey Afriyie bekend makke. De Sinteklaasyntocht yn Ljouwert is op sneon 16 novimber.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Oare stêden dêr't de aksjegroep in fergunning oanfrege hat, binne ûnder oare Grins, Alkmaar en Den Haag. De aktivisten litte harren net sjen by de lanlike yntocht yn Apeldoorn, om't dêr allinnich saneamde 'roetveegpieten' binne.
It nijs komt nei bûten op de dei dat fyftjin 'blokkearfriezen' yn heger berop te hearren krije oft se al as net feroardiele wurde foar de blokkade-aksje op de A7 yn 2017. In groep Friezen hold doe by De Jouwer leden fan KOZP tsjin om foar te kommen dat se by de lanlike yntocht yn Dokkum demonstrearje soene.