Fjoerwurk op it fjild by Harkemase Boys tsjin FC Groningen: "Het is zo zonde"

31 okt 2019 - 08:06

Harkemase Boys makke it de profs fan FC Groningen woansdeitejûn goed lestich. De rûzige wedstriid op sportpark De Bosk einige yn in 1-2 ferlies foar de Harkiten. Doelman Erick Jansema fan Harkemase Boys wie net bot teloarsteld oer dit resultaat, mar wol oer it fjoerwurk dat op it fjild smiten waard.

It duel tsjin de Grinzers begûn letter fanwege konfetty op it fjild en in heal oere nei it startsinjaal lei de skiedsrjochter de wedstriid in skoft stil, omdat der mei fjoerwurk smiten waard rjochting doelman Erick Jansema fan Harkemase Boys.

Foto: www.orangepictures.nl

"Ik schrok me de pleuris. Dat is niet iets wat elke week gebeurt", seit Jansema. Hy is bot teloarsteld oer it foarfal. "Het is zo zonde. Voor jongens uit onze groep is het misschien wel de wedstrijd van hun voetbalcarrière als amateur en dan wordt dat verziekt door een aantal supporters, tenminste zo noemen ze zichzelf. Ja, daar kan ik met mijn hoofd echt niet bij."

Robert Stelpstra skoarde de iennige goal foar Harkemase Boys. "Hy siet der lekker yn", seit er dêroer. Mear doelpunten kamen der lykwols net by foar de ploech uit Harkema, al wiene der noch wol wat lytse kânsen. Stelpstra: "Ik tink dat we ússels neat ferwite kinne. Jammer, dat we net dy 2-2 makken, sy hiene natuerlik folle mear de bal. Allinnich, je bale dochs wol in bytsje dat it 1-2 is."

It fuotbalbûn KNVB sil ûndersyk dwaan nei de ûngeregeldheden by de wedstriid fan Harkemase Boys tusken FC Grins.

(advertinsje)
(advertinsje)