De earste F-35 komt deroan: wêr kin ik de oankomst folgje?

31 okt 2019 - 06:04

De earste F-35 komt tongersdeitemiddei nei Nederlân. It gefjochtsfleantúch komt om 15.00 oere hinne oan op de fleanbasis yn Ljouwert. De oankomst is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio en op de site, de app en ús sosjale mediakanalen.

Foto: Omrop Fryslân

Op ûndersteande kaartsjes is te sjen wêr't parkearre wurde mei.

De fleanbasis advisearret lykwols om net mei de auto te kommen, mar op de fyts of mei it iepenbier ferfier. De N357 tusken Ljouwert en Stiens is tusken 13.00 oere en 16.00 oere diels ôfsletten.

Publyk kin stean op de spottersbult by Marsum en in spottersplak oan de eastkant fan de fleanbasis.

Seremoanje mei taspraken

By oankomst fan it gefjochtsfleantúch is in seremoanje pland, wêrby't ûnder oare steatssekretaris Barbara Visser fan definsje en boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert sprekke sille. By de seremoanje wurde sa'n 2200 minsken ferwachte.

De F-35 sil tegearre mei syn foargongers in fly-by meitsje en it nije fleantúch makket ek noch in eigen fly-by.

Livestream op omropfryslan.nl

Wolle jo net de drokte yn, dan kinne jo fansels ek sjen of harkje nei Omrop Fryslân. Op de radio jout de Omrop de hiele middei in protte omtinken oan de oankomst fan de F-35.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma is by de fleanbasis om dêr ferslach te jaan en Maaike van der Hoek is by de spottersbult om dêr de sfear te peilen. Njonken dat is der fan 14.30 oere ôf in livestream op omropfryslan.nl en ek op de app en de sosjale mediakanalen fan Omrop Fryslân is der wiidweidich omtinken foar de F-35.

De fleanbasis hat sels ek in livestream. Dizze is fia bit.ly/F35live te folgjen.

Trefwurden: 
Ljouwert fleanbasis F-35
(advertinsje)
(advertinsje)