Wat wurdt it fonnis foar de A7-blokkearders?

31 okt 2019 - 06:00

Nei it heger berop fan ôfrûne septimber, krije de fertochten fan de A7-blokkade dizze tongersdei it fonnis fan it Gerjochtshôf te hearren. Fiif wiken lyn waard tsjin de fertochten wurkstraffen easke tusken de 120 en 240 oeren. De útspraak is om 10.00 oere.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Neffens justysje hat Jenny Douwes in sintrale rol spile, se soe de boel opruid hawwe.

Yn novimber 2017 waarden demonstranten tsjin Swarte Pyt tsjinholden op de A7 by De Jouwer. Se woene nei de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum, mar mei auto's waarden harren bussen keard.

Ferline jier moasten 34 blokkearders foarkomme en se krigen fan de rjochtbank wurkstraffen tusken de 80 en 240 oeren. Fyftijin blokkearders gongen tsjin it fonnis yn heger berop, de oaren hawwe yntusken harren taakstraf achter de rêch.

(advertinsje)
(advertinsje)