Harkemase Boysfoarsitter: "It feestje is wol in bytsje bedoarn"

31 okt 2019 - 00:00

"It feestje is wol in bytsje bedoarn" seit foarsitter Albertus Boonstra fan Harkemase Boys nei ôfrin fan de wedstriid tsjin FC Groningen. Dêrby waard woansdeitejûn twa kear fjoerwurk op it fjild smiten fan sportpark De Bosk op de Harkema.

Doe't er it fjoerwurk seach, kaam er fuort yn aksje. "Ik tocht blinders, dit giet de ferkearde kant op, hjir moat yngrepen wurde. It is hiel spitich hiel ferfelend." Feilichheidsminsken hienen de situaasje gau yn de macht en der binne fuort maatregelen nommen.

Op in stuit eskalearre wat. "It gie wat rjochting in handgemeen, mar de plysje griep yn en koe de groepen skiede. Doe is ek besletten om even gjin alkohol te skinken om fierdere eskalaasje te foarkommen."

Ek bûten it sportpark drige it wat ûnrêstich te wurden, mar dêr is op adekwate wize op yngrepen. "De groep is apart set oant de wedstriid dien wie."

Boonstra kin net sizze oft de fakkel met grienwite reek fan de Grinzers ôfkomstich wie. "Dat de wedstriid in healoere stillein is, fyn ik in domper. Dat is skande."

Foto: ProNews
(advertinsje)
(advertinsje)