Bewenners sprekke har út oer Ljouwerter Vliet-sône: "It is in getto"

Buertterreur, korrupsje, in getto, drugsoerlêst, eangstkultuer en it ôffierputsje fan Ljouwert: it wienen wat kreten dy't woansdeitejûn te hearren wienen oer de Vliet-sône. Guon bewenners en ûndernimmers fan dizze Ljouwerter wyk seinen dat op it iepen poadium, organisearre troch de gemeente. Ek riedsleden wienen dêrby.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
De buert om it Vliet hinne hat al langere tiid bot lêst fan probleemjongeren dy't kliïnt binne by soarchferliener Strong ID yn de Willem Loréstrjitte en dêr wenje. Mar ek drugsferslaafden jouwe in protte oerlêst.
Sebas Veenstra fan Stichting Vlietvaardig seit dat er syn ferhaal dwaan kinnen hat. "We binne der klear mei, it is tiid foar aksje. Yn de wyk binne is soad drugsgebrûkers en drugspannen en der is in soad oerlêst. Foar gewoane bewenners is gjin plak mear. Fynst oeral spul fan drugsgebrûk, ek op plakken dêr't lytse bern boartsje. It is in getto."
De lêste twa jier is it neffens him slimmer wurden troch de komst fan soarchynstellingen. "Der binne tefolle. Plysje en gemeente binne bûn." Hieltyd mear minsken wolle de wyk út. Pannen wurde opkocht troch huisjesmelkers. De wyk moat wer leefber wurde."
Sebas Veenstra, Stichting Vlietvaardig
De ûndernimmers binne net bliid mei dizze sitewaasje yn harren wyk. "We voelen ons achtergesteld." Minsken doare net mear by de winkel nei binnen as der jongeren foar de doar steane. Guon ûndernimmers doarden net te kommen. "Ze wilden niet met naam en toenaam zichtbaar zijn. Je weet nooit wat er 's avonds laat gebeurt. Mensen zijn bang dat er dingen fout gaan. Ze willen liever achter gesloten deuren in gesprek met de raadsleden."
Maarten Stevens, ûndernimmer