Harkemase Boys ferliest yn rûzige wedstriid fan FC Groningen

30 okt 2019 - 22:25

Harkemase Boys hat woansdei ferlern fan FC Groningen. De Harkiten makken it Grinzers lestich, mar ferlearen úteinliks mei 1-2. De wedstriid waard oant twa kear ta staakt yn ferbân mei fjoerwurk op it fjild.

Robert Stelpstra sjit de 1-2 binnen - Foto: Orange Pictures

De Grinzers reizgen nei de Derby fan it Noarden fan snein foar de twadde kear yn in pear dagen nei Fryslân. Sy moasten wol efkes geduld ha, want de wedstriid begûn in oantal minuten letter om't der konfetty op it fjild lei. It spul waard efkes letter ek noch stillein doe't der fjoerwurk op it fjild smiten waard.

Nei in goed kertier miste Ajdin Hrustic in grutte kâns. Hy krige de bal fan Amir Absalem en like de bal frij binnen sjitte te kinnen, mar Mark Bruintjes helle de bal fan de line.

Fjoerwurk

Nei in healoere spyljen waard it spul opnij stillein omdat fjoerwurk it fjild op smiten waard, yn de rjochting fan Harkemase Boys-keeper Jansema. Skiedsrjochter Van der Eijk stjoerde de spilers de klaaikeamers yn. Nei oproppen fan de stadionomropper om op te hâlden mei it smiten fan fjoerwurk koe de wedstriid nei in healoere wachtsjen wer troch.

Binnen in minút nei de werstart kaam de FC Grins op foarsprong. Kaj Sierhuis waard yn it strafskopgebiet fêstholden, genôch foar in penalty neffens de skiedsrjochter en Samir Memisevic skeat raak. Trije minuten nei it skoft waard it ek al 0-2, troch opnij Memisevic. Keeper Jansema koe earst in skot blokkearje, mar de rebound fan de Bosniër wie wol raak.

De Harkiten kamen gau werom yn de wedstriid. Robert Stelpstra stie tusken in pear Grinzer ferdigeners, mar koe in foarset dochs binnenwurkje:

Stelpstra wie tsien minuten letter ek tichtby de lykmakker. Hy krige de bal fia in stekpass, mar Grinzer keeper Jan Hoekstra wie skerp en pakte de bal foar syn fuotten wei. Stelpstra kopte efkes letter ek noch in kear foarlâns.

Hoewol't trainer Hans de Jong noch wol oanfallend wiksele, wie Grins yn de lêste minuten de boppelizzende partij. Djip yn de ekstra tiid kamen de Harkiten noch wol foar de goal, mar in lykmakker siet der net mear yn.

Harkemase Boys - FC Groningen: 1-2 (0-1). 35. Samir Memisevic 0-1, 47. Memisevic 0-2, 49. Robert Stelpstra 1-2.

Opstelling Harkemase Boys: Jansema; Huizing, Bruintjes, Renken, Van Duinen (87/Bakels); Bouius, Achuna (82/De Jong), Postma; Beimer, Stelpstra, Gonzales (65/Veldman).

(advertinsje)
(advertinsje)