UPDATE: Stroomsteuring Tytsjerk en omkriten foarby

30 okt 2019 - 22:17

De doarpen Hurdegaryp, Tytsjerk, Oentsjerk en omkriten hawwe woansdeitejûn in skoftlang te krijen hân mei in stroomsteuring. Netwerkbehearder Liander hie it probleem tsjin alven ferholpen.

Foto: Omrop Fryslân

Hast 4.000 oanslutings yn it gebiet sieten sûnder stroom. Wat dêr de oarsaak fan wie, hat Liander noch net bekend makke.

Der moasten monteurs oan te pas komme om de steuring te ferhelpen.

(advertinsje)
(advertinsje)