Fjoerwurk fersteurt bekerduel Harkemase Boys-FC Groningen

30 okt 2019 - 21:59

De wedstriid fan Harkemase Boys tsjin FC Groningen is woansdeitejûn twa kear stillein. Der waard fjoerwurk op it fjild smiten fan sportpark De Bosk op de Harkema. De twadde kear dat dit barde, moasten de spilers de klaaikeamer yn. Der kaam doe in knal fan fjoerwurk yn it 16-metergebiet fan keeper Jansema, dy't dêrfan skrok.

Foto: Orange Pictures

Earder lei de wedstriid ek al stil om't in grien stik fjoerwurk op it fjild smiten waard.

Skiedsrjochter Van der Eijk stjoerde de spilers de twadde kear de klaaikeamers yn. Nei oproppen fan de stadionspeaker om op te hâlden mei it smiten fan fjoerwuk gie de wedstriid in goed healoere letter wer fierder.

Neffens in plysjewurdfierder is de ME op De Harkema oanwêzich, mocht it út de hân rinne.

Undersyk KNVB

It fuotbalbûn KNVB sil ûndersyk dwaan nei de ûnregelmjittichreden by de wedstriid fan Harkemase Boys tusken FC Grins.

(advertinsje)
(advertinsje)