SC Hearrenfean troch nei folgjende ronde beker troch winst op amateurs

30 okt 2019 - 21:47

SC Hearrenfean is troch yn de folgjende ronde fan de KNVB Beker. De Friezen wiene mei 0-3 te sterk foar de amateurs fan Excelsior Maassluis.

Ejuke, Van Bergen en Van Rhijn fiere de 0-1 - Foto: Orange Pictures

Hearrenfean gong, sa't trainer Johnny Jansen al oankundige hie, fuort yn de oanfal. Nei twa kânskes fan basisdebutant Alen Halilovic foel de earste goal nei tsien minuten. Mitchell van Bergen kaam oer rjochts op en joech de bal foar oan Chidera Ejuka. Dy skeat de bal binnen.

De Feansters krigen dêrnei in soad kânsen op de 0-2, mar hieltyd wie Excelsior-keeper Jean-Paul van Leeuwen de bettere. Hy pakte twa ballen fan Halilovic en ek in skot fan Odgaard waard troch de doelman rêden.

De Feansters kamen dochs op 0-2. Jordy Bruijn lei de bal foar syn rjochterfoet en skeat fan in meter as tweintich ôf strak yn de hoeke.

Jordy Bruijn sjit de 2-0 binnen - Foto: Orange Pictures

Excelsior Maassluis waard tsien minuten nei it skoft gefaarlik, fia in skot fan Vincent van de Berg. De spits, dy't yn it ferline in jier yn de jeugdoplieding fan Hearrenfean spile, skeat mar krekt oer.

Mei noch tsien minuten te gean soarge Daniël Høegh noch foar de 0-3. Faik skeat, mar Van Leeuwen brocht rêding. Høegh wurke de rebound binnen en soarge sa foar de 0-3 einstân.

Excelsior Maassluis - SC Hearrenfean: 0-3 (0-2). 10. Chidera Ejuka 0-1, 39. Jordy Bruijn 0-2, 85. Daniël Høegh 0-3.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Floranus, Botman (67/Høegh), Dresevic, Van Rhijn; Bruijn, Faik, Halilovic; Ejuke (63/Dreyer), Odgaard, Van Bergen (74/Veerman).

(advertinsje)
(advertinsje)