FIDEO: IepenUP Live giet oer de situaasje yn Koerdistan

Wêrom is Turkije Rojava ynfallen en wat sil der no barre? En wêrom ha de Koerden eins net harren eigen lân? Yn dizze ôflevering fan IepenUP Live zoome we djipper yn op de situaasje yn Koerdistan.
Doe't de Feriene Steaten earder dizze moanne de troepen weromhellen út Noard-Syrië, die Turkije in ynfal. Dit gebiet, dat ek bekend stiet as Rojava, waard troch de Koerden bestjoerd. In grutte groep Koerden is op de flecht slein.
Sjoernaliste Fréderike Geerdink fertelt yn IepenUP Live oer har ûnderfiningen. Sherin Seyda jout in powerkolleezje oer de situaasje yn Koerdistan. Wat we foar de Koerden bestjutte kinne, fertelt Beri Shalmashi. En der is muzyk fan Thalie, in sjongeres út Ljouwert mei Koerdyske roots.
IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn wei yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.