Foar Tim Hoeve is it seizoen by basketbalteam Aris oer

Tim Hoeve komt dit seizoen net mear yn aksje foar Aris Ljouwert. De 21-jierige guard rekke yn de wedstriid fan ôfrûne sneon tsjin syn eardere klup Donar Grins blessearre oan syn knibbel.
© www.orange-pictues.nl
Ut ûndersyk yn it sikehûs die bliken dat syn foarste krúsbân skuord is. Aris winsket Tim Hoeve in soad sterkte en goed herstel ta.
Fan Anday Mazurczak en Arnas Mikalauskas is de ferwachting dat sy op koarte termyn werom komme.