Provinsje wol oantrúnje op ôfskaffen ferhierdersheffing

30 okt 2019 - 18:52

De provinsje sil der op oantrúnje dat de ferhierdersheffing ôfskaft wurdt. Op inisjatyf fan de FNP wie Provinsjale Steaten - op de VVD nei - ienriedich dat de regel net folle goeds mei Fryslân foar hat.

Hierwenten oan de Nieuwestraat - Foto: Google Street View

Wenningboukorporaasjes moatte de heffing sûnt 2013 oan it Ryk ôfdrage. Op jierbasis streamt 40 miljoen euro oan dizze heffing út Fryslân wei dy't neffens de FNP better bestege wurde kin oan ferbettering fan wenningen en oan nijbou.

It útstel fan de FNP gie fierder as dat fan de PvdA. Dy partij tsjinne mei GrienLinks in útstel yn om der by it Ryk op oan te trúnjen in heffingsfermindering of in gruttere bydrage fan út de ferhierdersheffing foar de ferduorsuming en optimalisearjen fan it sosjale wenningbestân troch te fieren.

It Ryk krijt út hiel Nederlân 1,7 miljard euro fan wenningkorporaasjes. Dêrfan wol it in potsje meitsje fan 100 miljoen foar gebieten dy't dat nedich ha. Fryslân soe net by dy gebieten hearre. "It is in sigaar út eigen doaze, dêr't we hjirfan de reek noch net rûke kinne", sei steatelid Sijbe Knol fan de FNP yn de steategearkomste.

Marijke Roskam (PvdA) en Sijbe Knol (FNP)

(advertinsje)
(advertinsje)