Gemeente Harns stelt ûndersyk nei ôffal foarearst út

De gemeente Harns stelt it ûndersyk nei ôffal, dat dien wurdt mei de Tilburg University, foarearst út oant yn alle gefallen 25 novimber.
© Omrop Fryslân
De gemeente Harns wol ûndersykje hoe't ynwenners minder rêstôffal oerhâlde kinne. Oer it ûndersyk hat de gemeente yn de ôfrûne wike in soad fragen krigen en hoe't mei persoanlike gegevens omgien wurde sil.
Om dy fragen goed te beäntwurdzjen, en om de ynwenners de tiid te jaan om goed nei te tinken oer dielname, is de proef no earst útsteld. Ynwenners ûntfange dizze wike noch in brief mei mear ynformaasje.
Takom jier moat it ôffal in stik minder wêze, dat wol it Ryk. Doel is 100 kilo it jier de persoan. Dêrfan moat 75 prosint skieden wurde.
It ûndersyk rjochtet him neffens de gemeente net op de fraach oft it mooglik is om in kilopriis yn te fieren foar ôffal.