Wer konifearebrân yn Drachten: skea oan túnhúske en opslachhok

30 okt 2019 - 17:46

By in brân yn Drachten binne woansdeitemiddei in túnhúske en in opslachhok foar beamstammen beskeadige.

Foto: ProNews

De brân siet yn konifearen efter in wenning oan de Klokhúsleane. Buertbewenners hawwe it fjoer bestriden, dêrnei koe de brânwacht it wurk dien meitsje.

It is net de earste kear dat der brân yn konifearen yn Drachten is.

Trefwurden: 
Drachten brân konifear
(advertinsje)
(advertinsje)