Elfstedenhal yn Ljouwert noch oant dit wykein ticht fanwege steuring

Noch altyd kinne leafhawwers net reedride yn de Elfstedenhal fan Ljouwert. De iishal bliuwt noch oant dit wykein sletten. "Hy kin op syn betiidst dit wykein iepen", seit Baukje Heeg fan de iishal.
De Elfstedenhal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De motor fan de kuolmasine is stikken en wurdt woansdeitejûn ynspektearre. "Dêrnei witte we pas watfoar ûnderdiel stikken is en hoe fluch oft dat reparearre wurde kin", fertelt Heeg. De steuring ûntstie tiisdei.
Op de webside fan de Elfstedenhal wurdt oanjûn om de sosjale media fan de iishal yn de gaten te hâlden foar it lêste nijs. De iishockeyhal is wol gewoan iepen.