Wurkstraf foar fernielen reklameboerd toeristetreintsje

30 okt 2019 - 16:38

In 40-jierrige Ljouwerter dy't op 30 juny op it Saailân yn Ljouwert yn in dronken bui in reklameboerd fan City Train fernielde, hat woansdei fan de plysjerjochter in wurkstraf fan tweintich oeren krigen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Ljouwerter socht nei eigen sizzen om in taksy dy't him nei in freon bringe moast. It wie waarm dy snein en hy fielde him net goed. "Ik was helemaal kapot van de zon, ik raakte knock out", sei er. Hy sei dêrop dat er 'helemaal dronken' wie. Mei in flinke dreun hufte er it boerd fan it toeristetreintsje stikken.

De man hat in strafblêd fan tolve siden, mei geweld en in soad bedrigingen. De offisier fan justysje easke foar de fernieling fan it boerd in wurkstraf fan 32 oeren. De Ljouwerter siet noch yn syn proeftiid fan in feroardieling troch de plysjerjochter yn 2017. Doe krige er, neist in wurkstraf, twa wiken finzenisstraf ûnder betingst.

Dy twa wiken moast de man mar útsitte, fynt de offisier. Mar de rjochter fynt 32 oeren wat tefolle foar in fernieling, hy makke der 20 oeren fergees wurkje fan. Hy sette de selstraf ûnder betingst om yn in wurkstraf fan 28 oeren. De Ljouwerter moat de skea oan it reklameboerd ek betelje. Dat kostet him 160 euro.

Trefwurden: 
rjochtbank plysjerjochter
(advertinsje)
(advertinsje)